zondag 4 oktober 2020

Wyt yn 'e swarte sielebonke

 

 

Iepening

De lêste neimiddei folt alle fûgelbeammen
achter it hûs. De rein falt. Ik tink wol dat
it skaad fan har is. Har roazemarijn dript
en yn min holle foarmje him de wurden.

Ik doch in doar iepen. Gjinien freget wat
as ik dûnsje, as ljocht yn 'e nacht wennet
en it feest dan einlik út ein sette mei. Sy
leit de patroanen út en nimt al myn maten.

Gjin huverjen bliuwt yn dit wekker wurde
as it wyt yn 'e swarte sielebonke ferskynt.
Wy stoane yn de doarsiepening. In stim

dy't it meinimt nei it plak dêr't de tiid him
leechmakket. As yn in lange famkesfrissel.
Dat laket en laket. Dat de ierde iepenbrekt.





Opening

De laatste namiddag vult alle vogelbomen
achter het huis. De regen valt. Ik denk dat
de schaduw van haar is. Rozemarijn drupt
en in mijn hoofd vormen zich de woorden.

Ik open een deur hier. Niemand vraagt iets
als ik dans, als licht de nacht gaat bewonen
en het feest dan eindelijk mag beginnen. Ze
legt patronen uit en neemt al mijn maten op.

Er blijft geen huiver in dit wakkere worden
waar het wit in het zwarte zielebot verschijnt.
Er is het staan in de deuropening. Een stem

die het meeneemt naar de plek waar de tijd
zich ontdoet. Als in een lange meisjesvlecht.
Dat lacht en lacht. Dat de aarde openbreekt.



Gedichten: Albertina Soepboer
Schilderij:  Leonora Carrington

 

Albertina Soepboer
(Holwerd 1969) schrijft proza, poëzie en toneelteksten en publiceert zowel in het Fries als in het Nederlands. Na haar debuutbundel Gearslach (1995) volgden nog negen dichtbundels. Ze won meerdere literaire prijzen. H
aar werk is vertaald naar het Engels, Duits, Frans en Slavisch-Macedonisch. Zie: www.albertinasoepboer.nl